Omrop TIP: It bêste fan LF2018

It is 2018, wat betsjut dat hiel Ljouwert en ek Fryslân de kulturele haadstêd fan Europa is. Op tongersdei 12 april start by Omrop Fryslân it programma 'It bêste fan LF2018'. Fan alle reportaazjes dy't Omrop Fryslân makket oer de LF2018-projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme, dat alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen is op telefyzje.
Witte wat der spilet by LF2018 en de moaiste projekten meikrije? Yn it programma 'It bêste fan LF2018' wurde de bêste saken útljochte. Yn de earste ôflevering op tongersdei 12 april binne de earste reportaazjes te sjen.

DNA
Yn it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek wurdt alle wiken it DNA fan in jonge of famke út de klasse tsjekt. Bysûndere ferhalen wikselje hilaryske ferhalen ôf. Yn dizze reportaazje it bysûndere ferhaal fan Gerrit de Vries (13). Yn febrewaris 2017 krige hy te hearren dat hy harsenstamkanker hat. Yn Tsjek myn DNA fertelt Gerrit syn bysûndere ferhaal.

Sjen yn it tsjuster
In nachtlike foarstelling yn Burchwert as earbetoan oan dichter Tsjêbbe Hettinga.

Planeet Escher
Der wurdt hurd wurke oan de Eschertekkens foar Kulturele Haadstêd 2018. Ek yn Makkum komt it iene kleed nei it oare op tafel. Al twa jier komt in groep froulju ien kear yn 'e moanne byinoar yn de biblioteek fan Makkum om te wurkjen oan de kleure tekkens.

Lân fan taal
Yn Ljouwert is de Taletún en it Talepaviljoen iepene. Beide binne ûnderdiel fan ien fan de meast promininte projekten fan LF2018: Lân fan taal. De Taletún is in audio-aventoer yn de Prinsetún.
It bêste fan LF2018 is fan tongersdei 12 april ôf alle tongersdeis te sjen om 18.45 oere op telefyzje. Mear ynformaasje stiet op Omropfryslan.nl/itbestefanlf2018.