Net trije, mar tenei seis kear iten yn it sikehûs

Pasjinten yn sikehûs MCL yn Ljouwert krije tenei seis kear deis iten oanbean. Se kinne dan sels kieze wannear't en wat se ite wolle. De gerjochten sjogge der neffens it sikehûs ek nochris hiel oantreklik út.
It Ljouwerter sikehûs wurket tenei mei it nije konsept 'Puur' wat it iten oanbelanget. It sûne iten befoarderet neffens it sikehûs it better wurden fan de pasjinten. Se hawwe in suksesfolle pilot draaid op meardere ôfdielingen en fiere it no troch it hiele sikehûs yn. It MCL wurket gear mei Van Hoeckel, in leveransier fan ynnovative itensmielen yn de soarch.
It sikehûs wol yn 2020 foaroprinne op it mêd fan gastfrijheid en soarch dy't op de pasjint rjochte is.