Mem en minderjierrige dochter oanhâlden nei drinken drank

12 apr 2018 - 10:11

De plysje hat woansdei in mem en har dochter oanhâlden foar stellerij yn in winkel. De mem, in 36-jierrige frou út Ljouwert wie mei har 16-jierrige dochter by in supermerk yn de stêd doe't se betrape waarden op it stellen fan drank.

De beide froulju hiene yn de winkel in fleske Flügel achteroer slein. Wêrnei't se de lege fleskes werom yn it skap setten. Flügel is in lyts fleske drank mei tsien prosint alkohol. Doe't de plysje de mem konfrontearre mei de misdie, en dat har dochter alkohol dronk, sei se dat se der gjin problemen mei hie dat har minderjierrige dochter drank dronk.

De froulju binne meinaam nei it buro, en foar de dochter is in soarchmelding makke.

Trefwurden: 
drank plysje alkohol
(advertinsje)