Fries Museum hat heechste yntreepriis fan Fryslân

12 apr 2018 - 10:01

It Fries Museum yn Ljouwert is mei in yntreepriis fan 13 euro it djoerste museum yn Fryslân. Besikers fan it Museum Stedhûs Sleat en it Titus Brandsma Museum yn Boalsert binne mei in tagongskaartsje fan 3 euro it goedkeapst út. Dat docht bliken út ûndersyk troch webside Kortingscode.nl. Dy hat de tagongsprizen fan alle 28 Fryske musea dy't meidiene oan de Museumwike ûndersocht.

Bron: Kortingscode.nl

De gemiddelde priis fan in museumkaartsje is yn Fryslân 6,73 euro. Dat is goed oardel euro minder as it lanlike gemiddelde fan 8,30 euro. Lanlik sjoen is de Hermitage yn Amsterdam mei hast 30 euro it djoerste museum.

Trefwurden: 
yntreepriis Fries Museum
(advertinsje)