Kollum: "Sosjale suïcide"

12 apr 2018 - 07:25

"Dit kin ik better net fertelle. Mar de op-ien-nei lêste likwidaasje yn de saneamde 'Mocro-oorlog' hjir yn Amsterdam, barde foar it hûs fan twa freonen fan my. Se hearden it sjitten mei automatyske wapens yn it jongereinsintrum. In jonge fan 17 jier kaam dêrby om it libben, en in protte bern dy't dêr itensiedles hiene, wiene tsjûge.

Likwidaasjes yn it kriminele sirkwy steane fier fan hast elkenien ôf: je binne dochs sels gjin krimineel, en salang't se op inoar sjitte, fine we it eigentlik wol bêst. De mocro-oarloch is de beneaming foar in heftige drugsoarloch yn Amsterdam. Mar net allinnich yn Amsterdam, want troch it hiele lân en sels dêrbûten, fine likwidaasjes plak. It begûn allegearre mei it ferdwinen fan in partij coke yn de haven fan Antwerpen. Twa kampen hawwe dêr striid oer, en dat seagen we foar it earst troch in wyld-west efterfolging troch de Amsterdamske Staatsliedenbuurt. Der waard yn it wylde wei op de efterfolgjende plysje sjitten, en der binne kûgels weromfûn yn bernekeammerkes.

Yntusken binne der al tritich deaden fallen yn dizze mocro-oarloch. It slachtoffer fan de sjitpartij foar de doar fan myn freonen, wie net it doelwyt. Hy hie neat mei de mocro-oarloch te krijen. Hy wie op it ferkearde momint op it ferkearde plak.

Tiisdei presintearre de lanlike resjerzje sifers fan in ûndersyk dat dien is op dancefestival 'Decibel', ferline jier augustus yn Hilvarenbeek. De resjerzje hat doe it rioelwetter fan it festivalterrein opfongen en ûndersocht. It resultaat: allinnich al foar it haadterrein, en sûnder de wyldpissers, berekkenen se dat der rom fjouwer kilo oan kokaïne, xtc, amfetamine en methamfetamine yn it ôffalwetter siet. De sjef fan de lanlike resjerzje seit dêroer yn De Volkskrant dat je it dan hawwe oer mear as 12 tûzen pillen en lintsjes coke dy't je ite kinne.

Is dat opfallend? Ja, en hielendal ast witst dat krekt dít festival in zere-tolerance festival is; it brûken fan soft- en harddrugs wurdt net akseptearre. By de yngong wurdt strang kontrolearre, mei fisitaasje fan eltse besiker troch befeiligers ûnder tafersjoch fan de plysje.

Wat seit dit oer it brûken fan drugs op oare festivals? Op feestjes dêr't net kontrolearre wurdt? Dat, en de mocro-oarloch, wie foar korpssjef Erik Akerboom fan de Nationale Politie reden om in oprop te dwaan hurder op te treden, Europees, tsjin drugshannel.

De korpssjef die dêrby in opmerklike oprop, nammentlik oan de drugsbrûkers sels: "Je ziet nu veel twintigers en dertigers die doordeweeks erg gezond leven met yoga, smoothies en fitness. Maar in het weekend nemen ze cocaïne en pillen. Op deze manier wordt drugsgebruik genormaliseerd. Van dat imago moeten we af", sei Akerboom.

En dit doar ik dus net te sizzen, mar ik herken dit. Ik haw my altyd fernuvere oer hoe gewoan it wurden is om in piltsje te slikken yn myn sosjale omjouwing. Oer hoe't de slikkers guontiden op de grienste partijen stimme, mar harren net drok meitsje oer yllegale dumping fan drugsôffal. Oer hoe't de slikkers wrotte yn sportskoallen en biologysk ite, mar gjin probleem hawwe mei gemyske troep dy't se yn harren mik smite op feestjes. En slikkers dy't de grutste bek hawwe oer wat in skande dy mocro-oarloch is, en net yn 'e gaten hawwe dat se 'm sels finansiere.

De oprop fan de korpssjhef oan de slikkers is ek apart, om't it dochs de sterke earm fan 'e wet is dy't fatsoenlik freget om asjebleaft gjin yllegale saken te dwaan.

It sil kommend wykein gjin pil of lyntsje coke minder opsmite. Want je binne in partypooper at je dêr wat fan sizze. Dêrom ek hjirby it fersyk oan de Omrop en de harkers om dit ferhaaltsje net te dielen op sosjale media en de radio, want dan stean ik wer te boek as dy prinsipiële seur, fan wa't in bytsje lol net mei, dy't te skiterich is om in piltsje te slikken en net wit hoe't je in feestje op gong krije. Hy docht wer ris net mei, hy moat de boel wer ferpeste, foar ús, de gemyske fleurige fierders.

Se sjogge fuort fan de likwidaasje foar de doar fan myn freonen. Se sjogge harren sels net as wêzentlik ûnderdiel, nammentlik as de klanten, fan in krimineel systeem, dêr't miljarden yn om gean, en wêr't deaden by falle.

En it stiet dus net fier fan ús ôf. Mar goed. Soks sizze is sosjale suïside."

(advertinsje)