Ried Ljouwert bûcht net foar easken stadionbouwer

Sa moat it nije stadion derút sjen © Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
De ried fan Ljouwert wol net opnij om de tafel mei de ûntwikkelers fan it nije Cambuurstadion en it gebiet dêromhinne. In grutte mearderheid wol fêsthâlde oan de ôfspraken sa as dy ferline jier yn july yn de ried makke binne. Dêrmei wolle se dus net yngean op de easken fan de merkpartijen oer mear parkearromte en it tsjinhâlden fan de komst fan in grutte boumerk dêr yn de buert.
Nije wike woansdei gean de merkpartijen yn petear oer it konflikt dat no ûntstien is, mar der liket foarearst net in soad beweging yn te sitten. Al slute guon partijen net út dat it petear fan takom wike dat noch feroarje kin.