Festivals easkje dúdlikens fan gemeente Ljouwert

Iepen UP oer festivals yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lars Hoekstra
As der net hiel gau in goed festivalbelied komt yn de gemeente Ljouwert, heakje der festivals ôf. Dat sizze de organisatoaren fan de grutte festivals en direkteur Tjeerd van Bekkum fan LF2018, woansdei yn Iepen Up Live.
"Ik heb wel eens het gevoel dat er bij de gemeente te weinig gebeurt om de problemen op te lossen" seit Paul van Berlo fan Into the Grave. "Iedereen bij de gemeente doet wel zijn uiterste best, maar het loopt niet synchroon en dat botst wel eens" leit Sjoerd Bootsma fan Welcome to the Village út.
De organisatoaren jouwe oan dat de festivals dy't yn Ljouwert hâlden wurde, wol sa woartele binne dat se net maklik te ferpleatsen binne. "Maar we lopen hier achter de feiten aan. In 2018 komt alles wel goed, maar ik maak me echt zorgen voor de tijd daarna" warskôget Tjeerd van Bekkum.