Sjongende dyk is tenei 'stille dyk'

11 apr 2018 - 21:11

De sjongende dyk by Jelsum dy't moandei offisjeel iepene waard, is wer stil. Mei hege druk wurde de lûdsstrepen fan it weidek ôf blaasd. It wie eins de bedoeling dat dat pas oer in pear moannen barre soe, mar omwenners hiene safolle lêst fan it leven dat se der net fan sliepe koenen.  Der wie in spesjale markearring op de dyk oanbrocht, dy't it Frysk folksliet hearre liet as minsken der mei de auto oerhinne rieden. It hiele projekt hat de provinsje sa'n 80.000 euro koste.

De muzykdyk by Jelsum hat net in lang libben hân. Hy waard freed oanlein en soarge fuortendaliks al foar klachten. Foar automobilisten dy't al ridend oer de strepen it Frysk folksliet hearden, mei soks wol aardich wêze, omwenners wiene net sa bliid. Sy koene net sliepe fan it leven, dat guon ek noch as in kakofony hearden as auto's achterinoar oer de stripe rieden. Ien bewenster hie it sels oer 'geastlike mishanneling'.

Der wurdt no oan wurke de strepen fan de dyk te heljen. De buorden dy't by de muzykdyk hearre, binne al opromme. As de strepen fuort binne, moat der in nije laach asfalt op. It wurk sil nei alle gedachten in grut diel fan de nacht duorje.

It trelit om de sjongende dyk helle de nasjonale en ynternasjonale parse. Deputearre Sietske Poepjes naam de klachten serieus. Se sei dat se soargje soe foar in oplossing. Dy is der no dus kaam. Suggestjes dat de 'Frysk folksliet-stripe' wol oanlein wurde kin op de Ofslútdyk wiisde Poepjes fan de hân. Dat kin sy net regelje. De Ofslútdyk is gjin provinsjale dyk, mar in rykswei. 

Trefwurden: 
sjongende dyk Muzykdyk Jelsum
(advertinsje)