FIDEO: Wêrom hat de SKS gjin skiedsrjochter?

11 apr 2018 - 20:00

De komst fan in skiedsrjochter by de IFKS soarget derfoar dat de wedstriden in stik feiliger wurden binne. mar it komt likegoed noch wol faak foar dat de skippers harren net oan de regels hâlde. Dat seit skiedsrjochter Jos Spijkerman.

Spijkerman kin pas yngripe as ien fan de belutsen skippers de protestflage lûkt. En dat dogge se lang net altyd, seit er. "Dan sizze se: 'De folgjende kear litsto my gean, no lit ik dy gean.' Dat meie se sels witte." De skiedsrjochter fart allinnich mei mei de IFKS. Yn de SKS mei er net meifarre, seit er. Dy organisaasje hat eigen regels.

Kommend wykein is yn Langwar de earste skûtsjewedstriid fan it seizoen. Dêr dogge 36 skûtsjes oan mei.

Trefwurden: 
skûtsjesilen
(advertinsje)