Undersiker hellet amerfollen poep op by bekende Friezen

11 apr 2018 - 19:41
  • Theo Mulder

Boeren soene net langer keunstdong brûke moatte, mar minsklike poep. Dat fynt Theo Mulder fan Mulder Agro yn Kollumersweach. Neffens him soe dat it bêste wêze foar de natuer. Boppedat soe it ek nochris hiel effektyf wêze foar op it lân. Tegearre mei wetterynstitút Wetsus komt hy dêrom kommende wike mei in ludike aksje. Mulder giet de provinsje troch mei in buske om by bekende Friezen in amerfol poep en pis op te heljen. Dy amerfollen lit er ûndersykje by Wetsus, om te sjen hoefolle wurkjende stoffen oft dêryn sitte en hoe't dy stoffen it bêste brûkt wurde kinne as dong.

Mulder ferkeapet op it stuit noch keunstdong oan boeren, mar hy soe folle leaver it miljeufreonlike alternatyf oanbiede.

Trefwurden: 
poep dong Theo Mulder
(advertinsje)