"Underwiis moat net hieltyd fan oanpak wikselje"

It giet net goed mei it ûnderwiis yn Nederlân. De prestaasjes yn sawol it basis- as it fuortset ûnderwiis rinne al jierren tebek. Dat stiet yn it jierliks rapport fan de Underwiisynspeksje. De ôfrûne twa jier is it tal bern dat oan 'e ein fan de basisskoalle net goed lêze kinne, tanommen. In soarchlike ûntwikkeling, en de oerheid moat yngripe, sa seit de Underwiisynspeksje.

Bêst-genôch-kultuer

Direkteur Henk Wilbers fan ûnderwiisynstânsje Cedin seit dat de situaasje yn Fryslân net wêzentlik oars is as it algehiele byld. "It is in breed ûndersyk. It giet oer mear dingen as allinnich it algemien nivo. Jo soene de sunigere prestaasjes ophingje kinne oan de hearskjende 'bêst-genôch-kultuer'. De skoalle moatte fan de ynspeksje oan bepaalde noarmen foldwaan en as de skoallen dy noarm sjogge as it maksimale, dan krije jo 'zesjescultuur'. Mar ik tink dat dat net hielendal de werklikheid is. der binne grutte ferskillen tusken de skoallen. Guon binne hiel ambisjeus en oaren dêr't noch in soad te dwaan is. "
"It tal skoallen dat ûnder de noarm sit, is lanlik hiel gering wurden, ek in it Noarden. Mar dêr is de ynspeksje net tefreden mei. It kin wol wat mear."

"Rjochtsje dy op wat belangryk is"

Wilbers sjocht as oplossing: "Jo moatte fêsthalde oan dingen dy't josels belangryk fine en jo net hieltyd ôfliede litte troch nije dingen. Dat bart hjir wol, want de polityk bemuoit him dermei. Dan is dit wer belangryk en dan dat wer. As jo it bygelyks belangryk fine dat de bern goed lêzen leare, dan moatte jo der konstant boppe-op sitte. En net hieltyd wer nije dingen derby helje dy't jo dan wer belangryk fine. En dat docht de oerheid noch alris."