Bestjoer winkelljuferiening H&I yn Drachten stapt op

11 apr 2018 - 16:39

It bestjoer fan winkelljuferiening H&I yn Drachten is opstapt. Sels sizze se dat se romte meitsje wolle foar in nije start en nije minsken. It lêste jier it troch it Platform Overleg Centrum Ondernemers (POCO) al socht nei in nije sintrumorganisaasje.

Yn dy nije klup moatte bygelyks ek kulturele ynstellingen fertsjintwurdige wêze. Boppedat moat de belangebehertiging profesjoneler fan opset wurde.

Trefwurden: 
Drachten H&I
(advertinsje)