KWF wiist op gefaren fan sinnebank

11 apr 2018 - 16:55

Minsken dy't ûnder de sinnebank gean, rinne in te grut risiko op hûdkanker en dêrom moatte de warskôgingsbuorden komme by sinnebanken. KWF Kankerberstrijding en dermatologen roppe dêr ta op.

By sinnestudio Ursus yn Ljouwert binne 14 sinnebanken, fan sân ferskillende types. Gaby de Kruyf fan de studio seit dat it neffens har wol tafalt, as it ferantwurde bart. Se ljochtet de minsken goed foar oer hoe't se sinnebanken brûke moatte en sjocht goed nei wat by de hûd past. Ek foar de sinnebank moatte minsken har ynsmarre.  "Als het bij de kuit begint te prikkelen is dat een teken dat je onder de zonnebank moet stappen," seit se. Bûten yn de sinne sitte is ek skealik. Sa gau mooglik brún wurde, is noait goed. 

Appie Postma hat earst traind yn de sportskoalle en dêrnei giet er ûnder de sinnebank. Hy giet op de turbo, dêr leit er 20 minuten ûnder. Hy ferbrânt net gau. "It is wol waarm." Syn frou hat hûdkanker hân, mar hy is der net bang foar. "In sinnebank soe better wêze as de sinne. Ik smar my wol yn."  

Trefwurden: 
sinnebank KWF Ursus
(advertinsje)