Buske mielservice klem yn tunnel

© SR Fotografie
In mielrûnbringer is woandei mei syn buske klem kaam te sitten yn in tunnel. Hy wie ûnderweis nei De Tike en by in ûndertrochgong by De Rottefalle wie it ynienen 'ho'. De bestjoerder hie de hichte fan de kuolynstallaasje op it dak fan de bus net goed ynskat.
In berger hat de bus derút helle. De bus is mei grutte skea ôffierd. It is net bekend oft minsken troch it ûngelok om 'e nocht sitten hawwe te wachtsjen op harren iten.