Lêste tariedingen foar foarstelling 'Lost in the Greenhouse'

12 apr 2018 - 06:00

Al wiken binne akteurs oan it repetearjen yn de broeikassen by Seisbierrum. Tusken de tomate- en paprikaplanten wurdt fan freed ôf it teäterstik 'Lost in the Greenhouse' opfierd. Fryske en Poalske arbeiders belibje dêr fan alles. Neist it wurk binne der konflikten, rabberij en leafde.

Freed is de try-out, dus der moat noch drok oefene wurde yn de hjitte fan de broeikassen. De spilers drinke ekstra wetter om it folhâlde te kinnen. Besikers hoege lykwols gjin soargen te hawwen oer de hege temperatueren. Jûns, wannear't it stik opfierd wurdt, is it net waarm mear en moat sels de jas oan.

It stik fan teäterselskip Orkater wurdt oant en mei maaie opfierd en is al hast útferkocht. It makket diel út fan Leeuwarden-Fryslân 2018.

(advertinsje)