Kolleksje aadlik tekstyl komt foar it ljocht

11 apr 2018 - 17:33

In samling fan aadlik tekstyl, klean út patrisyske en aadlike fermiddens, fan 'e famyljes Brantsma-Van Slooten en Van Sminia wurdt oernommen troch de Stichting Fogelsangh State te Feankleaster.

De bysûndere kolleksje kaam foar 't ljocht troch ûndersyk fan Aly van der Mark nei tunen fan Gerrit Vlaskamp. Se kaam dêrtroch yn kontakt mei Marjolijn (Maria Clara Johanna) Dieben-Brantsma yn Arnhem, in beppesizzer fan Maria Clara Johanna van Sminia. Yn in hutkoffer stienen de kostbere stikken tekstyl op souder.

Fogelsangh State te Feankleaster is fan doel om de kolleksje oer te nimmen. Dy wurdt op sneon 14 april oerdroegen oan Erfgoed Fundaasje, de stichting dy't de kolleksje earst beskriuwe lit. Erfgoed Fundaasje makket behâld en digitalisearring fan benammen agraryske argiven mooglik.

(advertinsje)