Direksjefoarsitter Bert van der Hoek by De Friesland wei

Bert van der Hoek © Omrop Fryslân, Karen Bies
Direksjefoarsitter Bert van der Hoek fan De Friesland soarchfersekerder giet mei yngong fan 1 oktober by de organisaasje wei. Van der Hoek en De Friesland binne yn goed oerlis ta dit beslút kaam. De direksje sil oant dy tiid bestean út Van der Hoek, Georgette Fijneman, Han Tanis en Steven Hofenk.
Neffens De Friesland is dêrtroch de kontinuïteit waarboarge en kin de gearfoeging fan De Friesland en Zilveren Kruis soepel ferrinne. De twa soarchfersekerders binne op 1 april gearfoege. Bert van der Hoek hat trije jier by De Friesland direksjefoarsitter west.