Karen Bies foar skriuwprojekt Oare Wurden nei Ierlân

11 apr 2018 - 16:05

Skriuwster en programmamakster Karen Bies (1968) is troch de sjuery fan it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden útkeazen foar in ferbliuw yn Ierlân. Oare Wurden/Other Words is in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen.

"It is myn dream om in boek te skriuwen," fertelt Karen Bies. "Ik fyn it in enoarme eare en bin der hiel bliid mei dat ik útkeazen bin. Geweldich." 

Karen Bies neamt har ambisjeuze plan 'de simmer fan Ids'. Se wol yn Ierlân in Frysk ferhaal foar jongeren (15 oant 20 jier) skriuwe, mar úteinlik moat it in roman en filmsenario foar in muzykfilm opsmite. Se wurket dêrby gear mei de Fryske band WIEBE. "Ids is de sjonger fan in band en yn syn libben is in soad mislearre. Yn Ierlân wol er ynspiraasje opdwaan. Wiebe Kaspers skriuwt lietteksten en komponearret muzyk derby, it wurdt gjin musical."

Se kiest bewust foar dizze doelgroep om't se fan betinken is dat der te min oan Frysktalige boeken, searjes en film foar jongeren ferskynt. Se sil kommende simmer acht wiken ferbliuwe yn it Ierske plak Belmullet. Dêrwei sil se geregeldwei publisearje oer har ûnderfiningen fia in blog op de webside fan Oare Wurden. "Ik wol ek ûndersyk dwaan nei de minderheidstaal yn Ierlân, it Gaelic. Hoe libbet dy taal dêr?"

Rekôr

Foar dit ferbliuw yn Ierlân hiene mar leafst tsien kandidaten har oanmeld: fiif skriuwers en fiif skriuwsters. Yn it goed twajierrich bestean fan dit projekt is dat in rekôr. Der sieten foarstellen by foar poëzij, proaza, graphic novel, toaniel en reisferhalen.

Oare Wurden jout skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen. Doel fan sa'n ferbliuw is om in literêr wurk te meitsjen, mei te dwaan oan it kulturele libben yn it gastlân en in nij (skriuwers)netwurk op te bouwen. It úteinlike literêre wurk wurdt yn it Ingelsk en de oare dielnimmende talen oerset en op de webside fan Oare Wurden publisearre.

Earder wienen André Looijenga yn de stêd Bitola (Masedoanië), Bart Kingma en Gerard de Jong yn San Sebastián (Baskelân) en Hein Jaap Hilarides yn Maribor (Slovenië).

It projekt Other Words/Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It projekt is ûnderdiel fan it LF2018-programma Lân fan taal, dat as doel hat om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens del te setten.

(advertinsje)