LIVE: IepenUP oer festivals

Gesellichheid, bierkes en livemuzyk: dêr wurde de measte festivalgongers bliid fan. Mar: wat biedt in festival neist ûntspanning foar de besikers? Dat is it tema fan IepenUP dizze wike. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Wearde fan festival

Ek frijwilligers, omwenner en organisatoaren fan ferskate festivals komme del om mei te praten. Sa skowe minsken oan fan Psy-Fi, Into The Grave, CityRock, Welcome to The Village en Promised Land. Dêrneist is der in festivalkwis, muzyk fan Joya Mooi en in kollum fan Cilla Geurtsen, kultuersjoernalist by de Ljouwerter Krante.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideos en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.