Biografy set Joast Halbertsma yn breder perspektyf

11 apr 2018 - 13:00

In nije biografy oer Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) lit sjen dat de dûmny en skriuwer folle breder oriïntearre wie as allinne Fryslân. Skriuwster Alpita de Jong wurke acht jier oan it boek 'Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man' en hat dêrfoar in hiel soad argyfûndersyk dien. "Hy is folle mear as allinne Mister Fryslân. Ik ha syn hânskriftlik materiaal bestudearre. Syn reisferslaggen nei Rome, Napels en Parys bygelyks binne hiel nijsgjirrich. In soad minsken wisten ek net dat er allegear lêzingen hâlden hat, oer fan alles en noch wat, oer polityk, ekonomy mar ek oer Japanners en Sinezen. Dy ha ik no yn myn boek op in tagonklike manier iepenbier makke."

Halbertsma wie net inkeld regionaal, mar ek ynternasjonaal oriïntearre. "Dy kombinaasje makket him unyk, dat sjochst net folle yn de njoggentjinde iuw. It wie in unike Fries en in unike wrâldboarger."

(advertinsje)