Twa oanhâldingen yn ûndersyk nei deade Hegemer

Twa manlju binne woansdeitemoarn oanhâlden yn it ûndersyk nei in deade man yn Heech. It giet om in 28-jierrige Ljouwerter en in 52-jierrige man fan De Jouwer. Se wurde fertocht fan belutsenheid by de dea fan de 56-jierrige Hegemer. Dy waard op tiisdei 6 febrewaris yn syn wenning oan de Molefinne yn Heech fûn.
Ut it ûndersyk fan de plysje die net daliks bliken dat it om in misdriuw gean soe. Ek seksje fan it Nederlands Forensisch Insituut (NFI) en spoareûndersyk brocht gjin útslútsel. Nei it opstarten fan it Team Grootschalige Opsporing ((TGO) kaam it fermoeden dat de Hegemer troch in misdriuw om it libben brocht is.