Ultrarinner Julius van der Werf draaft by alve stêden del

11 apr 2018 - 14:18

Op 19 maaie sil in tal hurdrinners de Fryske alve stêden by del. Ien fan harren is Julius van der Werf út Ljouwert. De ultrarinner traint by de Loopgroep Leeuwarden en hat al in pear lange runs achter syn namme stean. De 230 kilometer lange Alvestêdetocht is in nije útdaging, want sa'n lange rin hat hy noch net dien.

De langste oant no ta wie 100 kilometer yn Winschoten. Ek hat hy hast alle grutte maratons fan Europa al rûn. Yn Súd-Afrika hat Van der Werf de two Oceans-maraton dien fan 56 kilometer. Doe't er dy goed folbrocht hie, kaam noch in nije útdaging: The Comrades-run, ek yn Súd-Afrika. Dy is 88 kilometer troch heuvels en berchachtich gebiet.

Búkje

Van der Werf is wol in apart gefal yn it hurdrinnen. Yn 2007, doe't hy 49 jier wie, rûn hy hielendal noch net. It wie in begjinnend búkje dat him ta it draven brocht. Hy woe net in grou âld mantsje wurde en besleat om der wat oan te dwaan. Julius is in man dy't dingen net heal docht. Hy begûn te trainen en gie fuort oan de slach om de maraton fan Rotterdam te rinnen. Yn 2008 wie dat in feit. Dêr achteroan kaam de Slachte en de Berenloop op Skylge. En doe wie de geast út de flesse. De Ljouwerter gie fan Berlyn fia Barcelona nei Rome en Parys. Troch hiel Europa rûn hy de jierren dêrnei maratons. Doe't dat allegear dien wie en Súd-Afrika ek betwongen wie, moast der in nije útdaging komme.
En dy is der no: de Alvestêderin.

Grutsk

Mei noch in stik as 30 oare rinners sil hy de 'tocht der tochten' besykje te folbringen. Binnen 32 oeren moatte de rinners de 230 kilometer folbringe. In spannend aventoer foar Van der Werf. De langste training wie 140 kilometer. Hoe't de lêste 90 dan trochkommen wurde, is de fraach. Neffens Julius is it earst genietsje, dan trochwrotte en dan de 'dood of de gladiolen'. By de run wurdt er stipe troch leden fan de ringroep dêr't ermei traint. Dy fine it geweldich dat Julius it oandoart en sille der alles oan dwaan him goed nei de finish te begelieden. Se binne no al grutsk.

De geast

Neffens Julius kinne minsken mear as se tinke. Doe't hy ea fanwege it búkje begûn, hie hy ek net tocht dat hy dit nochris dwaan koe. It is neffens him benammen in mentale kwestje. Fansels moatte je wol oanlis hawwe om te rinnen, mar de geast is de baas. Trochsettingsfermogen soarget derfoar dat je fierder komme as je miskien tinke te kinnen. De stipe fan oaren helpt fansels ek. It 'loopke' fan Julius liket net de meast soepele, mar dat makket net út. Syn rintrainer Jacob van der Leij seit dat hy dit ek noait tocht hie: "As je him sa rinnen sjogge, dan jouwe je him gjin kwartsje. Mar ik bin der wis fan dat hy it kin, hy kin sa fier rinne." Julius sels seit dat je fertrouwen yn josels hawwe moatte en dat alle goeie advizen prima binne, mar dat je je eigen styl fêsthâlde moatte.

19 maaie

Op 19 maaie set de Alvestêderin útein. Tusken de 30 en 40 rinners starte yn Boalsert om dêr ek wer te finishen. Om meidwaan te kinnen, moatte je ferskate lange runs dien hawwe. Der is in strange seleksje. Yn 32 oeren moat elk binnen wêze. Julius fynt it in grut aventoer, mar syn maten en trainer ha der alle fertrouwen yn dat it slagget.
Wat er nei dizze run dan dwaan sil, wit hy noch net. Syn frou hie him dat ek al frege. Want wat is der dan noch mear útdaging as dit? Julius wit it net: "Eerst maar door deze tocht komen, dan zien we wel weer".

De start is sneon 19 maaie om 11 oere.

De steat fan tsjinst fan Julius van der Werf:
2008 Rotterdam / Slachte/ Berenloop
2009 Ljouwert / Berlyn / Berenloop
2010 Apeldoorn / Rotterdam / Amsterdam
2011 Rome / Keulen / Berenloop
2012 Barcelona / Slachte / Berenloop
2013 Parys / Lúksemburch / Valencia
2014 Rotterdam / Snits / Berenloop
2015 Wenen / Berlyn / Atene
2016 Two Oceans 56 km Kaapstad ZA / Slachte / Amsterdam
2017 Rotterdam / Comrades 88 km Durban ZA / Winschoten 100km / Florence / 24uur Deventer wêrfan 16 oeren rûn

(advertinsje)