Gaslek yn Ljouwert: flat is ûntromme

11 apr 2018 - 12:29

Oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert, flakby it Eurohotel, hawwe de helptsjinsten woansdei oan de ein fan de moarn in appartemintekompleks ûntromme en in tankstasjon ôfsletten.

Minsken fan sechstjin apparteminten binne út foarsoarch frege om nei bûten te gean, en ek de bewenners fan de wenningen boppe it tankstasjon moasten har hûs út. Liander docht ûndersyk nei de lucht. Yn de krûpromte fan it appartemintekompleks is in gaslek.

De bewenners koenen tsjin healwei fiven werom nei har hûs.

Trefwurden: 
gaslek Ljouwert
(advertinsje)