Twa drugspannen yn Ljouwert sletten

11 apr 2018 - 11:52

Boargemaster Ferd Crone hat twa drugspannen sletten. It giet om in wenning oan de Gealannen en in keamer yn in gebou oan de Foarstreek. Yn de wenning oan de Gealannen fûn de plysje in himpkwekerij. Oan de Foarstreek waarden hannelsfoarrieden harddrugs en guod dat brûkt wurdt by drugshannel fûn. De drugshannel soarget foar in soad oerlêst foar omwenners.

Gemeente, plysje en Iepenbier Ministearje wurkje yntinsyf gear om dit oan te pakken.

Trefwurden: 
drugspân Ljouwert Ferd Crone
(advertinsje)