Minder smoargens fan Flylanner strannen ophelle

11 apr 2018 - 11:29

By de jierlikse skjinmakaksje is dit jier tsien kúb oan smoargens fan de strannen fan Flylân helle. Dat is neffens Steatsboskbehear flink minder as yn foargeande jierren. Benammen grutte netten en touwen wurde faker oprêden. By in kampanje fan frisdrinkenfabrikant Rivella mei Doutzen Kroes binne grutte ôffalbakken op de strannen fan it Waadeilân pleatst, om besikers mear bewust te meitsjen fan wat se fuortsmite. Dat docht neffens Sonja Vrijenhoek fan Steatsboskbehear fertuten.

Foar it oprêden fan it lytsere smoargens mei neffens har noch wol mear oandacht komme. ''De kleinere stukken plastic komen we vaak in de magen van zeehonden tegen.'' De natuerorganisaasje hâldt de skjinmakaksje al sa'n tweintich jier mei gemeente, KNRM, definsje en frijwilligers. Dy frijwilligers binne net allinnich eilanners, mar ek toeristen dy't harren fakânsje hjir op ôfstimme om meihelpe te kinnen. 

Trefwurden: 
Flylân strân
(advertinsje)
(advertinsje)