Gjin lange wachttiden foar autorydeksamen yn Fryslân

© ANP
De problemen mei wachttiden foar rydeksamens by it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen spylje net yn Fryslân, sa seit wurdfierder Irene Heldens fan it CBR. Lanlik moatte minsken, dy't eksamen dwaan wolle, by de helte fan de eksamenplakken langer wachtsje as de sân wiken dy't dêr foar stean.
Yn Fryslân wurdt dy termyn lykwols maklik helle. Yn Ljouwert en op It Hearrenfean is de wachttiid no fjouwer wiken en yn Snits mar twa wiken.