Amerikaansk ambassadeur Hoekstra sil Alvestêdetocht fytse

11 apr 2018 - 10:44

De ambassadeur fan de Feriene Steaten yn Nederlân, Pete Hoekstra, sil op twadde pinksterdei meidwaan oan de fytsalvestêdetocht. Syn dochter komt foar de gelegenheid oer út de Feriene Steaten om mei te fytsen. Dat waard woansdeitemoarn bekend by de ûntfangst fan Hoekstra yn it provinsjehûs.

Direkteur Bert Looper fan Tresoar oerhandige Hoekstra de útkomsten fan in ûndersyk nei syn famyljeskiednis, dy't werom giet oant 1780. Hoekstra waard yn 1953 berne yn Grins, mar ferhuze nei Amearika. Hy is no foaroansteand politikus fan de Republikeinske Partij en ien fan de fertrouwelingen fan presidint Donald Trump.

Trefwurden: 
ambassadeur Pete Hoekstra
(advertinsje)