NK mitseljen: "Moat wer cool wurde om mei hannen te wurkjen"

11 apr 2018 - 10:39

Yn Grou stride 12 jonges yn de finale fan it NK mitseljen. Yn it Wilhelminapark moatte se tagongspoarten meitsje, dy't ûntwurpen binne troch studinten fan de TU Delft yn de styl fan de túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp. De opdracht is frij dreech en de jonges moatte mei elkoar gearwurkje. "Ik ha dit noch noait by de ein hân," fertelt dielnimmer Gerben út Moddergat. Hy sit yn it eksamenjier fan it Dockinga College. Mike is de oare Fries dy't meidocht. By de foarrronde is er twadde wurden. Syn heit Klaas sit ek yn de bou. "Moai dat er meidocht, ik bin der grutsk op."

Direkteur Mart Eerligh fan de organisaasje fynt it in moai gesicht, al dy jonges oan it wurk. "We ha se nedich. It moat wer cool wurde om mei de hannen te wurkjen. Kinst der in bêst stik bôle mei fertsjinje. Der is perspektyf yn de bou."

It NK is in inisjatyf fan de Nederlânske bakstienyndustry. Doel is it mitselfak te promoatsjen en mear jongeren te lûken. Earder binne acht regionale foarrondes hâlden, dêr't de 12 finalisten útkaam binne. De wedstriden binne woansdei, tongersdei en freed. It kampioenskip foar vmbo-learlingen wurdt foar de 66ste kear hâlden. De winner krijt de 'Zilveren Troffel'.

Trefwurden: 
NK mitseljen Grou
(advertinsje)