Kollum: "Unnoazel"

"Hoe ûnnoazel kinne je wêze. Dat je tsjin lju sizze om mar mei 60 km de oere oer in streek op ’e dyk te riden en dat je dan it Frysk folksliet hearre… Ik tocht echt oan in hele flauwe 1 aprilgrap, mar it wie echt. Ik tink dat dy man dy’t in fleksibel-elektroanysk 70 km boerd útfûn foar de dyk Ljouwert-Boalsert, no ynhierd is troch de provinsjale diketsjinst, en der alderhande ûnnoazele dingen betinke mei.
Mar provinsjale geasten, tink no ris nei: alles is dochs ferbean yn in auto, sels je stoel of de binnenspegel ferskowe mei aanst net mear, want dan kinne je in ûngelok krije. En wat docht Fryslân? Dat set in muzykje, no ja it folksliet op in migerige toan, op de dyk by Jelsum. Mar dan moatte je wol sa deun mooglik oan de kant ride, sadat je gau yn de berm sitte.
No wie ’t op ’e nije dyk by Jelsum. Dat wie wol wer handich om it dêr del te lizzen. Dy lju dêre binne ommers wol wend oan ûnnoazel, net nedich leven. Tapaslik, der kaam noch in knoarre lûd by fan 'e wike. Se binne ommers wer begûn mei Frisian Flag.
Soks hat neat mei kofjemolke te krijen, mar alles mei in ôfgryslik soad leven fan strieljagers, dy’t krekt dogge as is it oarloch. It sil bêst nedich wêze om yn Syrië goed út te sykjen hokker lju wol of net deasketten wurde moatte, mar dat oefenjen hoecht om my hjir net. Foar guon wol, en dat mei ek.
Mar moandei hat bliken dien dat it hjir yn Fryslân hielendal net kin. De fleanbasis hat gjin goede apparatuer. Der moast moandeitemoarn earst in “weather ship” omheech. Dat is gjin skip, mar in strieljager. Dy moast sjen hoe’t it waar dêr boppe wie. Dat kinne se dêr ûnder net sjen. Mar as se dêr dan gjin goede apparatuer ha, wie dan efkes nei Harns riden, om by Piet syn masinen te sjen. Piet Paulusma, hy stie yn de Libelle yn in alhiel Fryske flaggepak. Freeslik gesicht foar it oare, mar it hie wol by Frisian Flag past.
Dan hienen se ek sjoen dat it moai waar waard. Mar dat hiele moaie waar waard snein daliks nei de ferdommenis riden. Troch al dy motorriders, dy’t mei ûnfoege snelheden de fytsers en kuierders op de talleaze Fryske net-muzikale dykjes sûnder trottoir en fytspaad, oan de kant ramden. Mei sa’n alderheislikst leven, dat alle skriezen daliks trochflein binne.
De Ljouwerter Krante hâldt ek fan leven. Ferline wike earst hiele grutte spannende ferhalen oer in mailtsje oer it Cambuur-stadion. Och heden, dêr wie de krante en Otto van der Galiën fan Lijst058 wie neat ferteld. Och heden, dy Jan Anker wit alles dochs better as wa dan ek yn ’e wrâld. Och heden, Henk Deinum koe no alfêst wol nei hûs ta gean, want dy hat dat mailtsje net lêze litten.
Yn de sneonskrante frieten se it ferhaal wer op. Ynienen wie Deinum wer leaf. En se krigen sa linkendewei troch dat it wol ûnfoech is fan Jan Anker en it WTC, dat sy bepale wolle wat foar winkels der yn Ljouwert komme en dat se mei dat mailtsje neat oars woene as Henk Deinum it mes op de kiel te setten. Ik wik jim, hjoed wurdt Henk Deinum wer de grutte man, dy’t it knyft fan Anker mei in moaie bôge yn de Potmarge kwakt. Efter it gebou fan de krante, kinne se it goed sjen.
Mar it alderslimste is dat it Cambuur-stadion, de ûnfoegens fan motorriders, Frisian Flag en fansels dy muzikale dyk by Jelsum allegear yn de nasjonale media kamen. Benammen doe’t bekend waard dat dy krekt iepene dyk fannacht al wer ticht moast en dat de provinsje dy muzykrommel en 80.000 euro oprêde moat.
Der waard ferline wike ek bekend dat der hieltyd mear minsken nei Fryslân takomme. No, dat is no wol wer oer. De minsken dy’t rêst sykje, komme net mear yn dit Fryslân-fol-leven. Martin Cnossen fan Merk Fryslân stiet te gûlen oer de ûnnoazelens fan ús bestjoerders. Want wat seit deputearre Poepjes oer de muzykdyk by Jelsum: “It is wol skande, dat it wer fuort moat. Ik fûn it sa moai.”
Poepjes wennet yn Makkum."