Sherida Spitse skoart foar Oranjefroulju, WK is tichteby

Sherida Spitse © www.orange-pictures.nl
Sherida Spitse út Snits makke de twadde goal yn de wedstriid Nederlân-Ierlân, wêrtroch't it WK tichteby is foar de Oranjefroulju. De ploech fan coach Sarina Wiegman wûn tiisdeitejûn oertsjûgjend mei 2-0 op besite by Ierlân.
Grutste konkurrint
Ierlân is, op basis fan de tuskenstân yn kwalifikaasjegroep 3, de grutste konkurrint fan Nederlân. De Ieren hiene likefolle punten as de Nederlanners: tsien punten út fjouwer wedstriden. Allinnich de groepswinner pleatst him streekrjocht foar it WK.
Doelpunten foar Nederlân
It earste doelpunt waard makke troch Lineth Beerensteyn, de ferfanger fan de net fitte Vivianne Miedema. Healwei de earste helte makke Snitser Sherida Spitse dus de twadde goal. De middenfjilder mocht oanlizze fan alve meter, neidat Danielle van de Donk dellutsen wie yn it strafskopgebiet. Each yn each mei keeper Marie Hourihan makke Spitse gjin fout.
Twadde helte
Yn de twadde helte slagge it Oranje net om te dominearjen en gie it hinne en wer, wêrtroch't de wedstriid einige yn in 2-0 oerwinning.