Slachtoffer (14) kriget ekskús foar fuotbalynsidint

10 apr 2018 - 21:51

De man dy't by de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin FC Grins fan it ôfrûne wykein in 14-jierrige jonge by de kiel grypt hat, hat yn in e-mail syn ekskuzen oanbean oan it slachtoffer. De man skriuwt, net ûnder syn eigen namme, oan de famylje dat der drank yn it spul wie. Hy is ree om persoanlik syn ekskús te meitsjen, seit er.

Fuotbalklup FC Grins hat de jonge in plak oanbean yn de skyboks fan de Euroborg, en SC Hearrenfean jout him trije VIP-kaarten foar de wedstriid fan Hearrenfean tsjin Feyenoord.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean FC Grins kiel
(advertinsje)