Sicht op oplossing oer motorcrossbaan by Makkingea

10 apr 2018 - 21:22

Nei jierren fan strideraasje oer motorsrossbaan Prikkedaam by Makkingea liket der no sicht op in oplossing. De omwenners en de klup wolle mei inoar yn petear. Dat seit wethâlder Henk van de Boer fan Eaststellingwerf. Hy sil bemiddelje.

Op it hiem fan de omwenners binne mjittingen dien nei it lûdsnivo. De útkomsten dêrfan binne noch net bekend. As der tefolle leven blykt te wêzen, kriget de krosklup in boete.

De wethâlder seit dat de omwenners in gebietsferbod oplein krigen hiene, mar dat is yntusken ek wer ynlutsen. Dat neamt er in goed sinjaal.

Trefwurden: 
motorcrossbaan Makkingea
(advertinsje)