Hoe komst by in LF2018-evenemint? Provinsje wiist de wei

10 apr 2018 - 20:47

Besikers fan Kulturele Haadstêd-eveneminten moatte net ferdwale en dêrom stelt de provinsje twa oanhingweinen mei weiwizers beskikber. Dy moatte derfoar soargje dat minsken fan bûten de provinsje de foarstellingen fine kinne dy't soms op plakken hâlden wurde dêr't se oars noait komme. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. Se fynt it belangryk dat elkenien te plak komt.

De provinsje makket it ek makliker foar boatsjeminsken troch harren mei buorden te wizen op plakken lykas restaurants of oernachtingsmooglikheden. Dat kinne ek digitale buorden wêze.

(advertinsje)