Selstraf fan 2,5 jier foar himphannel en wytwaskjen jild

10 apr 2018 - 19:45

In ynwenner fan Easterwâlde is ta twaenheal jier selstraf feroardiele foar it yn besit hawwen fan 31 kilogram himp en foar wytwaskjen. Hy hie in trochladen pistoal ûnder syn matras lizzen. De man waard yn 2015 yn Noardwâlde fêstnaam, dêr't er doe wenne mei syn freondinne. De plysje die in ûndersyk tsjin him en ek tsjin syn healbroer (47) út Assen omdat der tips binnenkaam wiene dat se yn de himphannel sieten. 

De Easterwâldster sei dat er de himp net ferhannele, mar brûkte om der CBD út te heljen, in alternatyf middel foar it bestriden fan pine. Wat tsjin him spruts wiene ûnferklearbere slompen jild en in BMW foar de doar. De rjochtbank achte himphannel en wytwaskjen bewiisd.

De healbroer krige ek straf. Hy moat in healjier de sel yn foar wytwaskjen fan jild, omdat er in soad kontant jild yn 'e hûs lizzen hie en in soad op de bank. Yn beide gefallen is net bekend hoe't de man oan it jild komt. Beide manlju moatte al it wytwosken jild werombetelje oan de steat.

Trefwurden: 
himp Easterwâlde
(advertinsje)