Langere fytsrûtes yn Eaststellngwerf foar elektryske fytsen

© ANP
Minsken mei in elektryske fyts kinne yn Eaststellingwerf en omkriten knooppuntrûtes fytse dy't spesjaal foar harren ûntwikkele binne. Foar e-bike-riders binne rûtes fan 20, 30 of 40 kilometer net lang genôch.
It Toeristisch Informatie Punt yn Appelskea hat fjouwer langere rûtes makke. Trije dêrfan binne goed 50 kilometer lang en ien is goed 80 kilometer. Ien dêrfan giet hielendal troch Eaststellingwerf. De oaren gean ek troch oare parten fan Fryslân en troch Drinte.