Behearders Waadgebiet hâlde effisjinter by wat der bart
De behearders fan it Waadgebiet sille better en effisjinter byhâlde wat dêr allegearre bart. Se meitsje al dy gegevens ek beskikber foar elk dy't der ferlet fan hat, bygelyks foar ûndersyk. Oerheden en organisaasjes, lykas it ministearje dêr't natuer ûnder falt, de Waadprovinsjes en Rykswettersteat hâlde al jierren by hoe't it Waad him ûntwikkelet ûnder ynfloed fan bygelyks natuerlike prosessen en troch wat minsken dogge.
Yn de takomst sil ek yn de gaten hâlden wurde hoe't it giet mei it libben yn de boaiem fan it Waad en mei de tsjusterens yn it gebiet.