Yndrukwekkende betinking by fersetsmonumint Allardseach

10 apr 2018 - 18:59

It wie tiisdei op de kop ôf 73 jier ferlyn dat by Allardseach, flakby Bakkefean, tsien fersetsstriders deasketten waarden. Dat barde trije dagen foar de befrijing. Ek no wie de betinking by it monumint yn de bosk wer in yndrukwekkende gearkomste, mei taspraken fan boargemaster Van Selm fan Opsterlân en neibesteanden, gedichten fan skoalbern en it mienskiplik sjongen fan it Wilhelmus.

De beide basisskoallen fan Bakkefean, iepenbiere basisskoalle De Oanrin en kristlike basisskoalle Betrouwen hawwe it monumint adoptearre en organisearje om bar de jierlikse betinking. Master Pieter Nauta, direkteur fan Betrouwen, iepene de gearkomste mei in persoanlik ferhaal oer de oarlochsjierren fan syn heit. Dêrnei diene ek guon neibesteanden noch spontaan harren ferhaal. Sy sprutsen grutte wurdearring út foar de organisearjende skoallen, dy't sa ek nije generaasjes witte te belûken by de betinking.

(advertinsje)