Fytspaad kriget deklaach fan beton en keunststof

© Provinsje Fryslân
It fytspaad tusken Ljouwert en Tytsjerk kriget dizze wiken in deklaach fan beton en keunststof. It is foar it earst yn hiel Europa dat soks tapast wurdt, meldt de provinsje Fryslân. De keunststof fezels meitsje it beton ekstra sterk. It fytspaad by de Grinzerstrjitwei del moast renovearre wurde. De provinsje hat oannimmers frege om mei in duorsum en ynnovatyf idee te kommen. Oannimmer Schagen Infra út Oerisel betocht de deklaach.
It wurk oan it fytspaad duorret noch oant 7 maaie 2018. Dêrnei kinne de fytsers der wer oerhinne.