Sander Arends nei kwartfinale ATP-toernoai Marrakech

Sander Arends (hjir op argyfbyld) © Orange Pictures
Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat tiisdeitemiddei yn Marrakech (Marokko) de kwartfinales berikt fan it ATP-toernoai. Tegearre mei syn Kanadeeske maat Adil Shamasdin wûn er nei in spannende wedstriid yn in tiebreak mei 7-5 en 7-6 fan Malek Jaziri en Lamine Quahab. Yn dy kwartfinales nimme se it nei alle gedachten op tsjin de as earste pleatste Nikola Mektic en Alexander Peya. Dy moatte dan noch wol harren wedstriid by de lêste sechstjin winne.
It wie de earste wedstriid fan Arends mei syn dûbelpartner út Kanada. De kommende wiken is de Ljouwerter fan doel mear wedstriden te spyljen mei Shamasdin.