Provinsje: ekstra jild foar eventueel tekoart gearkomste WTC

10 apr 2018 - 17:48

De provinsje lûkt ekstra jild út om in eventueel tekoart op te fangen by de organisaasje fan de mondiale jiergearkomste fan alle World Trade Centers fan de wrâld. Dy is oer twa wiken yn Ljouwert.

Finânsjes

Earder hat de provinsje al 35.000 euro tasein. As de organisaasje de finânsjes net foarinoar krijt, kin dêr no maksimaal 60.000 euro by komme. De gemeente Ljouwert en it Fryske bedriuwslibben hawwe ek ekstra jild tasein as der in begruttingstekoart ûntstiet, sa meldt de provinsje.

Goed foar Ljouwert

De provinsje seit dat de ynkomsten en útjeften fan de organisaasje oant no ta ôffalle. Fryslân wol de saneamde 'general assembly' wol graach hawwe: it evenemint soe goed wêze foar de hoareka yn Ljouwert, en ûndernimmers in kâns jaan om ynternasjonaal te netwurkjen.

Trefwurden: 
WTC provinsje bedriuwslibben
(advertinsje)