Hieltyd mear Friezen litte har teste op soa's

10 apr 2018 - 17:12

Hieltyd mear Friezen litte har by sûnenstsjinst GGD Fryslân of de HIV-poly fan it Ljouwerter sikehûs MCL teste oft se in geslachtssykte hawwe of net. Dêrby wurdt der by mear minsken ek in geslachtssykte fêststeld. It grutste part fan de minsken is ûnder de 25 jier. Dy hawwe ek hieltyd mear ûnfeilige seks. Benammen besmettingen mei chlamydia nimme ta. De GGD Fryslân makket him dêr ek soargen oer.

Yn totaal testen 335 Friezen yn 2017 posityf op chlamydia, tsjinoer 311 yn 2016. Ek gonorroe is faker fêststeld: 84 kear yn 2017 tsjinoer 60 in jier earder. De grutste risikogroepen binne dêrby noch hieltyd manlju dy't seks hawwe mei manlju en minsken dy't yn de seksyndustry wurkje.

(advertinsje)