NMA ûndersiket Arriva

02 nov 2011 - 12:43

De NMA docht ûndersyk nei mooglike priisôfspraken by streekferfierders. Dêr sit it haadkantoar fan Arriva op It Hearrenfean ek by.

It ûndersyk fan de Nederlandse Mededingingsautoriteit rjochtet him op priisôfspraken foar de ûntwikkelingskosten fan de OV-chipkaart foar studinten. De bedriuwen binne allegear lid fan de feriening Studenten Streekvervoer Nederland. Arriva wol gjin reaksje jaan op it ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)