Takom jier wer missy nei Sina, by foldwaande ynteresse

10 apr 2018 - 16:28

By goeie belangstelling fan Fryske ûndernimmers, wol de provinsje takom jier opnij in hannelsmissy nei Sina organisearje. De lêste kear dat deputearre Klaas Kielstra mei it Fryske bedriuwslibben nei Sina tagien is, wie ferline jier. Dit jier slacht de provinsje de reis oer. It rjochtet him yn ferbân mei Kulturele Haadstêd 2018 benammen op hannelsmissys dy't nei Fryslân ta komme.

Foar 2019 mikt Fryslân op hannel yn de sektoaren Wetter (Wetsus) en lânbou (Dairy Valley - agrofood). Fryslân hat al sûnt de ein fan de jierren '90 freonskipsbannen mei de Sineeske provinsje Sichuan. Ek mei de provinsje Heilongjang bedriuwt de provinsje hannel.

(advertinsje)