Muzykdyk kostet provinsje 80.000 euro; wie eins fervetest

10 apr 2018 - 16:16

De test mei de muzykdyk by Jelsum kostet de provinsje 80.000 euro. It wie de bedoeling om te testen hoe lang oft de wite ferve hâldt op provinsjale diken. Dêrnjonken wie der soarge foar in spesjale markearring, dy't it Fryske folksliet hearre liet as minsken der oerhinne ride. De minsken yn de buert hienen dêr sa'n lêst fan dat de markearring woansdeitenacht al wer fuort helle wurdt, folle earder as de bedoeling west hie.

Oan de ein fan de wike moatte de ribbels folslein fuort wêze. Oant dy tiid wurdt tocht oan maatregels om it lûd, dat fan de dyk komt, te beheinen. Te tinken falt oan it nachts ôfsluten fan de baan mei de ribbels.

Trefwurden: 
Muzykdyk Jelsum provinsje
(advertinsje)