Aksje foar de Fryske readbûnte kij

10 apr 2018 - 15:52

Der binne tsientallen ideeën foar it behâlden fan de Fryske readbûnte kij. Al sûnt de midsiuwen rinne dizze kij yn de Fryske greide, mar no binne der noch mar fjouwerhûndert fan oer. De Stichting Roodbont Fries Vee makket him grutte soargen. Dêrom hat Omrop Fryslân kreativelingen oproppen om mei ideeën te kommen foar it behâld fan dit stikje libjend erfgoed.

Tsiis, fleis en in beleefsintrum

"As bisten harren nut ferlieze, dan stjerre se út", seit Herman van Vliet. Hy is hobbyboer en hat in foodtruck: 'Lekkere Trek'. Dêrmei ferkeapet er iten foar in earlike priis, om âlde rassen te stypjen. Hy ferkeapet al fiif jier hamburgers mei inkeld fleis fan Fryske readbûnte kij en tinkt dat dit wolris de oplossing wêze kin foar it probleem.

Ek tsiisboer Jorrit Haantjes fynt dat we it yn de itenskant sykje moatte. "In soarte fan tsiis fan molke fan de readbûnte kij. As we dêr in earlike priis oan hingje, dan is it foar boeren folle oantrekliker om dizze kij te hâlden." Hy wit dat minsken best wol wat mear betelje wolle, as der in goed doel oan hinget.

Byldzjend keunstner Ids Willemsma syn idee hat neat te krijen mei iten. Hy wol in fok- en beleefsintrum kreëarje: in pleats mei in stik lân. Yn dit sintrum moat alles barre om it ras te behâlden.

Noch net genôch

Ha jo ek sa'n kij-goed plan om dizze readbûnte kij te behâlden foar Fryslân en foar de wrâld? Mail fryslanhjoed@omropfryslan.nl mei jo idee om dizze kij te rêden. Yn gearwurking mei jo, reklameman Wytze Visser en de Stichting Behoud Roodbont Friese Vee sille wy mei de bêste ideeën oan de slach.

Trefwurden: 
kij readbûnte kij aksje
(advertinsje)