Jonge supporter FC Grins mishannele yn Abe Lenstrastadion

10 apr 2018 - 15:33

In 14-jierrige jonge út de provinsje Grinslân is ôfrûne snein mishannele yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. De jonge hie in sjaal fan FC Grins om en waard by de kiel pakt troch in Hearrenfeansupporter. Hy koe loskomme mei help fan meistanners. It ynsidint barde nei de fuotbalwedstriid, yn it FeanPlaza. De jongen wie mei syn omke en muoike nei de wedstriid op It Hearrenfean. Nei de wedstriid woenen se noch efkes yn it FeanPlaza sjen. De jongen frege noch oft er syn sjaal omhâlde koe. Dat moast wol kinne, sei syn muoike Marieke Blaauwwiekel.

Bot skrokken

''We verloren hem even uit het oog en hebben hem toen gebeld'', fertelt se. Hy wie al nei de auto en fertelde dêr dat in man him útskold mei de meast ferskriklike sykten. ''Hij was er heel erg van onder de indruk en kan er niet van slapen'', seit Blaauwwiekel. De jongen doar net mear nei in fuotbalstadion en is hiel bot skrokken.

Marieke Blaauwwiekel is sels in supporter fan Sportklup Hearrenfean en wol mei klam sizze dat de klup hjir neat oan dwaan kin. Se wol allinne wol bekend meitsje dat it bard is. De jonge wol sels gjin oanjefte dwaan.

Skybox

Fuotbalklup FC Grins biedt de jonge in plakje oan yn 'e skybox fan de Euroborg, sadat hy sa gau mooglik wer wille hawwe kin yn it stadion.

Undersyk

Sportklup Hearrenfean hat kontakt socht mei de muoike fan de jonge. Neffens wurdfierder Erik Kofman hat it wolwêzen fan de jonge de heechste prioriteit. Ek hat der kontakt west mei de feilichheidstsjinst. ''Wy wolle de negative ûnderfining sa gau as mooglik wer posityf meitsje'', fertelt Kofman. De klup jout de jonge trije VIP-kaarten foar de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Feyenoord. De klup docht fierder yntern ûndersyk nei it ynsidint.

(advertinsje)