Wurkstraf foar dief fan lokmotoaren by Earnewâld

10 apr 2018 - 15:00

In man út Ljouwert hat in wurkstraf fan 140 oeren krigen, om't er oardel jier lyn twa bûtenboardmotors stellen hat yn Earnewâld. It wienen lokmotoaren, dy't de plysje ynstallearre hie by in pear boaten yn jachthaven Westerdijk, omdat dêr gauris stellen waard. De plysje koe de dief al gau ynrekkenje. Hy sei dat er ferlet fan jild hie, omdat er mei fakânsje woe.

De offisier fan justysje easke tsien wiken sel. De man sit op it stuit in straf út yn Lelystêd, mar neffens syn advokaat wol er syn libben betterje. Mei dêrom, en omdat de stellerij al efkes lyn is, joech de rjochter in wurkstraf.

(advertinsje)