FIDEO: Mitselskoalle moat tekoart oan fakminsken oplosse

Der is al in skoft in grut ferlet fan fakminsken op 'e arbeidsmerk. Undernimmer Wietze van der Molen hat yn Drachten in útstjoerbedriuw foar boupersoniel. Al gau kaam hy der efter dat der fierstente min goeie mitselers binne. Dêrom rjochte hy sels in mitselskoalle op. Jonge minsken kinne dêr it mitselfak leare, en hawwe ek fuortendaliks wurk.
By Hea! op Omrop Fryslân telefyzje tiisdei fan 17.35 oere omtinken foar de mitselskoalle yn Drachten.