Jordy van Deelen bliuwt twa jier langer by SC Cambuur

10 apr 2018 - 12:31

Jordy van Deelen bliuwt ek de kommende twa seizoenen by Sportklup Cambuur. De ferdigener hat syn hanteken set ûnder in nij kontrakt. De klup hat de ôfrûne wiken yn petear west mei Van Deelen, dy't in ôfrinnend kontrakt hie. Technysk manager Foeke Booy is bliid mei it langer fêstlizzen: "Zijn ambities passen bij het plan dat wij als Cambuur hebben voor de toekomst en Jordy kan daar met zijn ervaring en specifieke kwaliteiten een belangrijke rol in spelen", fertelt Booy op de webside fan Cambuur.

Van Deelen hat it goed nei it sin by de Ljouwerters. Boppedat binne de ambysjes grut: "In de komende jaren wil ik met Cambuur de stap omhoog maken."

(advertinsje)