"Fermiste boardskutter siet net yn delstoarte Lancaster"

It is sa goed as wis dat de fermiste Kanadeeske boardskutter Francis Cooper net yn de Lancaster siet, dy't yn 1942 delstoarte by natuergebiet De Alde Feanen. De minsklike resten dy't hjir ferline jier op it plak fan it eardere stoart Ald Dwinger fûn binne, binne net fan Cooper. Se binne nei alle gedachten fan de omkommen piloat Peter Joslin, dy't begroeven leit yn Warten. Oant no ta wie der altyd noch de hoop dat Cooper yn it tastel siet.
De offisjele útkomsten fan it forinsysk ûndersyk wurde ynkoarten bekend makke troch de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân. Dat fertelde Klaas Hoekstra fan de provinsje Fryslân moandeitejûn op in gearkomste fan nasjonaal park De Alde Feanen. Hoekstra hâldt him foar de provinsje dwaande mei de sanearring fan Fryske stoartplakken.
Monumint
Takom snein, op 15 april, is der in offisjele ûntbleating fan it monumint foar de omkommen bemanningsleden op de Ald Dwinger. It monumint, in sweltsjemuorre, is makke troch de Fryske arsjitekt Nynke-Rixt Jukema. By de besletten plechtichheid binne mear as fjirtich neibesteanden fan de omkommen bemanningsleden oanwêzich.
Delhelle
De Lancaster waard yn de nacht fan 4 of 5 septimber troch Dútsk ôfwargeskut delhelle boppe Fryslân. Der wienen sân bemanningsleden yn it fleantúch. Fjouwer fan harren koenen harsels rêde. Trije minsken kamen om it libben. Allinnich Cooper is nea wer fûn.